IEPENLOFTSPUL
BLOKHUISPOORT
LJOUWERT

Op 29 augustus 2013 is de premjêre fan it iepenloftspul ‘De Oerfal’ op it grutte binnenplak fan de âlde finzenis de Blokhuispoort  yn Ljouwert. Dêr wêr’t de oerfal op 8 desimber 1944 plakfûn hat.  It stik is skreaun troch Dick Jansen en is basearre op it boek "de Kraak” fan Arend Jan Wijnsma, de yn 1962 makke film "de Overval", argyfstikken, de ferhalen fan neibesteanden en Gerrit Fokkema, de lêste noch libjende befrijde finzene fan de oerfal.

Regisseur is Tineke Broers, dy’t sûnt 2005 sân iepenloftspullen op har namme skreau, ûnder mear yn Burgum en Harkema. Sy wurdt dêrby assistearre troch Rita Wijnsma. Nanne Kalma, Ankie van der Meer en Tseard Nauta meitsje de musyk. Jaap Groen hat it dekor ûntworpen.

"De Oerfal" giet oer de oerfal op de Ljouwerter finzenis op 8 desimber 1944 wêrby’t de Fryske Knok Ploech (KP) 51 minsken út de hannen fan de Dútske besetter befrijde. It wie in plan fan Piet Oberman, Eppie Bultsma en Wim Stegenga, dat útfierd waard troch in grutte groep fersetstriders. By dizze gefaarlike aksje foel gjin skot en waard gjin bloed fergetten. De oerfal wurdt noch altyd sjoen as ien fan de meast wichtige fersetsaksjes yn ús lan yn de twadde wrâldkriich. It stik giet lykwols net allinne oer de oerfal sels, mar ek oer de dilemma’s, dêr’t minsken foar komme te stean as macht en ûnmacht mekoar befjochtsje.

Voor Nederlandse tekst klik op vlag
[Home] [Meiwurkers] [Spyldata & kaartferkeap] [Kontakt] [Oanbefeling] [Fideo] [Foto] [Stipers]
...as macht en ûnmacht mekoar befjochtsje...
 
.
TRAILER DE OERFAL